De gemeenskappelyke belastingen. By de beesten om ’t ôf…

DOKKUM – Noh, is ’t niet beestachtig? Die rioolbelasting en ’t Wetterskip? Dér gaan de fakaansjecenten weer. Niet te geloven… Maar ik hew dat oplost. Ik bin ’n paar jaar leden even ’n skoftsje vurt weest. Iederien dacht dat ik ’n rijnreisje maakte met skoanmoeke op rekening van de lauwerspas van de gemeente. Das ’n kortingspas veur de minima hier in Dongeradiel. Nou, minima of niet, ut was ’n verrekt leuk reiske.

In werkelykhied bin ik allinich afreist naar Canada. Dér hew ik familie. Via myn moeke, die heet De Vries. Maar toen ik bij die familie De Vries veur de deur ston’was ik niet welkom. Ik kon vurt wel weer rechts omkeerd make. De reden dérvan is dat ik al drie jaar niet ’n kerstkaart stuurt had. Noh, dan maar naar ’n andere familie ‘De Vries’. Gertruda de Vries, woont ’n paar straten veerderop.

Ze was wel wat dement, maar dat kwam my mooi út. ,,Och Beppe, wat leuk jo wer te sjen. Ik haw jo mist. Ik tink nog hiel vaak oan jo.” ,,Ja jong.”, krimeneerde ze weer werom: ,,Ik dy ek. Ik tink ek vaak oan dy maar, wat bisto veroare. Ik wit nog wol dasto blond wiedest. En no bist sa swart as ’n roek.” Ik wit ek net mear hoest hiest. Ut wie Germ, toch?” ,,Neen Beppe: Harmen. Maar Harm mei ek.”

,,Ik wol graag wer ’s nei Fryslân ta. Kinst dat regelje Germ?” Jawis, ik stjoer fanôf no elk jier twa kriestkaarten nei jo ta mei elk ’n acceptgiro. Ien fan ut Wetterskip, das at jo my de boot oerkomme wolle. En ien fan DDFK. Das ’n soart KLM. Echte heegfleaners. As jo die twa acceptgiro’s elk jier betelje dan sparje jo foar de reis en kinne jo oer ’n jier of tsjien nei Fryslân takomme. Ik stean wol op Skiphol op jo te wachtsjen…

We hewwe nog mooi even de fotoalbums op tafel had en toen bin ik weer afreist,

Harmen Poortman