Pjutteboartersplak ‘t Boartershoekje yn Wâlterswâld sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling

WALTERSWÂLD – Op moandei 13 april is it feest op pjutteboartersplak ‘t Boartershoekje fan Sisa yn Wâlterswâld. Wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel oerlanget it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan liedsters Marieke Wielstra en Tiny Woudsma. It pjutteboartersplak wurket sûnt febrewaris 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it trajekt no ôfrûne en it sertifikaat behelle. Sy fiere dit mei alle bern; Riemkje Pitstra en Jetske Miedema spylje de Tomke-foarstelling ‘Lekker ite’. Om’t net alle bern op moandeis op it boartersplak komme, wurdt de foarstelling op tiisdei 14 april ek foar de oare groep pjutten spile.

Provinsjale ûnderwiisbelied

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 190 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak ‘t Boartershoekje

Pjutteboartersplak ‘t Boartershoekje heart by de organisaasje Sisa Kinderopvang. Sisa biedt ûnder oaren berne-opfang en pjuttewurk yn in grut part fan Fryslân. Underwilens dogge tsien fan har pjutteboartersplakken en sân bernedeiferbliuwen mei oan it trajekt om twatalich te wurden. Ek de gemeente Dantumadiel stimulearret it Frysk en meartalichheid yn ûnder oaren it pjuttewurk. ‘t Boartershoekje is it 6de pjutteboartersplak yn Dantumadiel dat sertifisearre wurdt foar har twatalige belied. It twatalich wurkjen sjocht der yn Wâlterswâld as folget út: Liedsters Tiny en Marieke prate beide konsekwint Frysk tsjin alle bern. Hinke, de fêste tutor, praat ek Frysk en de frijwillichsters krije de opdracht om yn har memmetaal te praten. It Nederlânsk hat in plak yn aktiviteiten as sjongen, foarlêzen, rymjen en pop Tinka praat ek Nederlânsk. De fisitaasjekommisje skriuwt yn har rapport it folchjende: Der is in ûntspannen en feilige sfear, mei in protte omtinken foar de bern. Troch aktiviteiten, materialen en it goed gebrûk meitsjen fan de romte litte de liedsters sjen dat it keazen taalbelied goed útfierd wurdt. Nivo 3 is mei glâns helle!

Sertifisearring

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.

It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod