Pjutteboartersplak ‘De Oesterkes’ yn Rinsumageast sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling

RINSUMAGEAST – Op moandei 2 febrewaris is it feest op pjutteboartersplak ‘De Oesterkes’ yn Rinsumageast. Wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel oerlanget it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan liedster Baukje Boersma. It pjutteboartersplak fan Sisa Kinderopvang wurket sûnt febrewaris 2013 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern en hat it trajekt no ôfrûne. Foar de bern is it ek feest; Riemkje Pitstra en Jetske Miedema spylje de Tomke-foarstelling “Lekker ite”. Fansels is der foar âlden en bern ek wat lekkers.

Provinsjale ûnderwiisbelied

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 175 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak ‘De Oesterkes’

Pjutteboartersplak ‘De Oesterkes ’ heart by de organisaasje Sisa Kinderopvang. Sisa biedt ûnder oaren berne-opfang en pjuttewurk yn in grut part fan Fryslân. Underwilens dogge tsien fan har pjutteboartersplakken en sân bernedeiferbliuwen mei oan it trajekt om twatalich te wurden. Ek de gemeente Dantumadiel stimulearret it Frysk en meartalichheid yn ûnder oaren it pjuttewurk. ‘De Oesterkes’ is it fiifde pjutteboartersplak yn Dantumadiel dat sertifisearre wurdt foar har twatalige belied. It twatalich wurkjen sjocht der yn Rinsumageast as folget út: Likegoed liedster Baukje as frijwillichster Hillie prate konsekwint Frysk tsjin de bern. It Nederlânsk hat in plak yn aktiviteiten as sjongen, foarlêzen en rymjen. De fisitaasjekommisje skriuwt yn har rapport it folchjende: “De taalomjouwing foldocht folslein oan de kritearia dy’t jilde foar nivo 3.

De liedsters besykje by alle aktiviteiten de bern ta taalúteringen te bringen. Dêr brûke sy al har kreative kwaliteiten by: de bern binne noch hiel jong. 

Moai dat der altyd teld wurdt yn beide talen, op in boartlike manier, en dat der sa’n soad songen wurdt (sels de nammen – wat aardich om dat sa te dwaan). Hielendal by sa’n jonge groep is it sjongen fan ferskes geskikt om de struktuer oan te jaan en in aardige manier om (û.o.) de taalûntwikkeling te befoarderjen.”

Sertifisearring

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.

It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.