Skoallegroep Nije Gaast wol Frysk foech foar alle dosinten

REGIO – Alle dosinten dy’t wurkje by de skoalleferiening Nije Gaast moatte it foech foar it Frysk helje. Se moatte betûft wêze yn it lesjaan yn it Frysk en mei it Frysk as ynstruksjetaal. Dat wol it bestjoer fan de koepelorganisaasje Nije Gaast, mei skoallen yn it kristlik en algemien-iepenbier ûnderwiis yn de gemeenten Gasterlân-Sleat en Nijefurd. Deputearre Jannewietske de Vries is der bliid mei: Dit is it goeie foarbyld, sa moat it.’

Nije Gaast wol de feardichheden byspikere fan dosinten dy’t yn it ferline it foech foar it fak Frysk helle hawwe. De skoallekoepel wol dêrom dat alle dosinten mei it foech in test dogge. Dosinten dy’t dêr foar slagge, hoege it foech net op ‘e nij te heljen. Foar de oaren is der kursus om de feardigens by te spikerjen.

Deputearre Jannewietske de Vries, dy’t foar de provinsje it Frysk yn portefeulje hat, is optein mei de aksje. ‘Dit is tige posityf. Der binne noch in soad minsken dy’t it foech foar it Frysk net hawwe of net foldwaande mear yn de macht hawwe. Mei dit inisjatyf jout Nije Gaast it goede foarbyld oan oare skoallebestjoeren.’

De provinsje Fryslân hat de ambysje om bern foarsprong te jaan troch meartalich ûnderwiis. ‘de kwaliteitsympuls dy’t Nije Gaast sa oan it fak Frysk jout, slút hjir moai by oan’, seit De Vries.

De toetsen dy’t Nije Gaast ôfnimme sil, fine dizze en nije wike plak.

Geef een reactie