Sertifikaten Frysk foar learlingen AOC Hearrenfean

FRYSLÂN – “Tachtich persint fan de ûndernimmers yn Fryslân fynt it wichtich dat harren wurknimmers it Frysk fersteane. Fyftich persint dat in wurknimmer it ek praat, is ûndersocht . Frysk sprekt de klanten oan en jout fertrouwen.” Dat sei deputearre Jannewietske de Vries fannemiddei tsjin learlingen fan it MBU-Grien fan it AOC Fryslân yn it Hearrenfean. Dy wiene op it provinsjehûs om’t hja it sertifikaat Frysk fertsjinne hawwe. “Jim hawwe mei dit sertifikaat in streekje foar by it finen fan in baan yn Fryslân,” sei de deputearre by it oerlangjen fan de sertifikaten.

Seis learlingen fan it AOC Hearrenfean hiene de module Frysk mei sukses folge. Der binne twa soarten sertifikaten: foar-Frysk ferstean kinne en foar Frysk ferstean en prate kinne. Mei it sertifikaat kinne de learlingen oantoane dat hja it Frysk yn harren berop brûke kinne.

Yn harren staazje krigen de learlingen opdrachten dy’t mei Frysk te meitsjen ha. Se moasten bygelyks beskriuwe hoe’t der op it staazjeplak omgien waard mei twataligens en oanjaan hoe’t hja harren sels yn dy sitewaasje gedrage.

De provinsje is wiis mei dizze sertifikaten. It gie om de earste studinten fan AOCFryslân ut it Hearrenfean dy’t dit sertifikaat krije.

Geef een reactie