Fryske organisaasjes útnoege foar oerlis mei Europarlemintariërs

LJOUWERT – Op tongersdei 20 jannewaris komt de posysje fan it Frysk yn Nederlân oan de oarder op in harksit fan de Intergroup for Traditional Minorities, National Communities and Languages fan it Europeesk Parlemint yn Straatsburch. 

De oanlieding is dat Nederlân op ferskate mêden net foldocht oan de ôfspraken dy’t makke binne yn it ramt fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen en it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden fan de Ried fan Europa. Al trije kear earder hawwe eksperts fan de Ried fan Europa ferskate oanbefellings dien. Foarbylden binne fierdergeande desintralisaasje, maatregels te nimmen om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis en yn de media te ferbetterjen, mear oerlis mei de Fryske oerheid en it fierder stimulearjen fan it Frysk yn de rjochtseal. Soks wurdt as teloarstellend sjoen, want Nederlân wie yn 1998 ien fan de earste fiif lidsteaten fan de Ried fan Europa dy’t it neamde Hânfêst ûndertekene en ratifisearre en dêrmei rjochtsjildich makke. It entûsjasme fan lidsteat Nederlân fan de earste jierren is fier fuortsakke, want tsjintwurdich sjocht it Ryk ek gjin kâns om de Ried fan Europa op ‘e tiid de frege ynformaasje te leverjen.
De Intergroup hat it Frysk op de wurklist set nei oanlieding fan it brief dat 17 Fryske organisaasjes, feriene yn it Europeeske Buro foar Lytse Talen (EBLT), oer it Frysk yn Nederlân skreaunen oan de Ried fan Europa en it Europeesk Parlemint. It EBLT en it Steatekomitee Frysk – dêr’t alle politike partijen yn de Fryske steaten yn fertsjintwurdige binne – binne útnoege om harren brieven en stânpunten ta te ljochtsjen. It is foarsafier bekend foar it earst dat it Frysk apart op de wurklist stiet fan in gearkomste fan in kommisje fan it Europeesk Parlemint.

Tidens de gearkomste op tongersdei 20 jannewaris sille in fertsjintwurdiging fan it EBLT, in grutte fertsjintwurdiging fan it Steatekomitee Frysk, Geart Benedictus (Earste Keamerlid) en Jannewietske de Vries (deputearre) yn Straatsburch mei de leden fan de Intergroup fan it Europeesk Parlemint en meiwurkers fan de Ried fan Europa yn petear.

De Intergroup fan it Europeesk Parlemint ferienet Europarlemintariërs dy’t sels in minderheidstaal prate of opkomme foar de rjochten fan minderheidstalen. Sa’n tsien persint fan ‘e ynwenners fan ‘e Europeeske Uny praat thús ien fan de tsientallen minderheidstalen lykas it Baskysk, Bretonsk, Frysk, Katalaansk, Friûlysk, Gaelic, Oksitaansk, Sámi, Sorbysk, ensfh. 

Fryske organisaasjes dy’t de brief fan oktober 2010 stypje binne: Afûk, Berie foar it Frysk, Cedin-Taalsintrum Frysk, Freonen fan Omrop Fryslân, Feriening Frysk Underwiis, Folkshegeskoalle Schylgeralân, Fryske Akademy, Fryske Rie, Jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK), NHL Hogeschool, Omrop Fryslân, Ried fan de Fryske Beweging, Sintrum Frysktalige Berne-opfang, Stichting Ons Bildt, Tresoar, Tryater en Vereniging Levende Talen – seksje Frysk.

Geef een reactie