Dantumadiel mei Frysk taalprojekt fan De Wingerd wer yn ‘e prizen

 DAMWÂLD – De gemeente Dantumadiel hat in twadde plak behelle yn de striid om de Taalbeliedspriis fan de Afûk. It is de tredde kear dat Dantumadiel mei in projekt dat de gemeente yntsjinne hat yn ‘e prizen falt. Dantumadiel stjoerde dit jier it taalprojekt ‘Belibje it mar’ yn fan de ZML-skoalle De Wingerd yn Damwâld. Mei it beheljen fan de priis kriich de gemeente 1250 euro. Wethâlder Siepie Hylkema en beliedsamtner Akkie Visser hawwe de priis oan De Wingerd oerlange, sadat de skoalle mei it projekt oan`e slach kin.

It taalprojekt ‘Belibje it mar’ is foar in nije groep learlingen. Foar dizze learlingen mei in slimme mearfâldige beheining, wienen eartiids gjin mooglikheden op ûnderwiis. Oerdei besochten se de saneamde bernedeisintra, mar fan 2011 ôf ha dizze bern rjocht op ûnderwiis. De Wingerd hat dielnommen oan in lânlik projekt mei de Hollânsktalige metoade ‘Ervaar het maar’ fan Thea Koeleman. Bern dy’t op in leech nivo funksjonearje leare troch te ûnderfinen, fielen, sjen, rûken, hearren en te belibjen. Dat slagget goed troch deun by de belibbingsomjouwing fan it bern oan te sluten.

Dê

rom wol De Wingerd yn de nije metoade ek omtinken jaan oan de eigen omkriten fan it bern, it Fryskeigene. De grûn dêr`t se op libje, de bysûndere gerjochten út de eigen krite lykas sûkerbôle en de Fryske sporten lykas fierljeppen en keatsen. Yn it taalprojekt ‘Belibje it mar’ wurdt dat allegear meinommen en wurde de lessen yn it Frysk jûn.
 

 

Foto: Germ Westra

 

Geef een reactie